Resten âlde muorre fûn yn Harns

14 sep 2006 - 10:49

Argeologen hawwe yn Harns in muorre fan in soldateferbliuw út 1500 fûn. Dat wie oan de Suderhaven. Oanlieding foar de fynst binne de wurksemheden oan de útwreiding fan in supermerk. It soldateferbliuw heart nei alle gedachten by it eardere Blokhuis, in soarte fan burcht. Oer de resten komt wer in laach modder. De fynst is wol ôfdutsen mei doek foar it gefal der letter wol jild is om se te konservearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)