Restaurants tefreden oer kryst

26 des 2011 - 17:08

In soad Fryske restaurants ha dizze dagen amper lêst fan de resesje. De measte krystdiners binne hielendal fol boekt. En dat wylst foarôf sein waard dat de Nederlanners de restaurants mije soene fanwege de krisis. Neffens de saakkundigen soe de konsumint yn ferbân mei de krisis krysttiid benammen thús fiere en soene in soad tafeltjes yn de restaurants leech bliuwe. Mar neat is minder wier.

Foarsitter Baukje de Vries fan Koninklijke Horeca Nederland yn Fryslân is der bliid mei. Sy tinkt dat minsken wat wurch binne fan de resesje. Se ferwachtet lykwols dat 2012 in dreech jier wurdt foar de hoareka.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)