Restaurant yn bierkelders

08 feb 2005 - 15:41

In stik as tritich ûndernimmers út hiel Fryslân wolle wol in restaurant begjinne yn de monumintale bierkelders oan de Kelders yn Ljouwert. Mar net ien hat noch in konkreet plan ynlevere.

Gadingmakkers kinne allinne op ien maart har ûndernimmingsplan yntsjinje. Se moatte dan ek dúdlik meitsje hoefolle pacht oft se betelje wolle. Dêrnei meitsje boargemaster en wethâlders in kar. De bierkelders wurde op it stuit renoveard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)