Restaurant WTC Expo ticht

27 jun 2013 - 17:26

Restaurant Fosk yn it WTC Expo is fan 1 july ôf ticht. Direkteur fan it WTC Expo Robert Berting seit dat in restaurant net by de bedriuwsfiering past. It restaurant op de 11e ferdjipping fan it WTC Hotel wie noch mar in oardel jier iepen. Neffens Berting draaide it restaurant goed en wiene de resinsjes posityf, mar moasten se in kar meitsje.

De romte dy't frijkomt wurdt no oernaam troch it Westcord hotel. It is noch ûndúdlik wat dy der mei dwaan sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)