Restaurant wiis mei KWS-tunnel

13 maaie 2011 - 10:31
  • It Starteilân yn Snits (foto: Omrop Fryslân)

Restaurant It Foarûnder op it Starteilân yn Snits is wiis mei it plan fan wettersportferiening KWS foar in tunnel nei it eilân. Dêrmei moat it makliker wurde foar wettersporters om de oerstek nei it eilân te meitsjen.

Oft de tunnel ek ekstra klanten opsmite sil foar it restaurant, falt noch te besjen. Minsken út it Westen sjogge it pontsje krekt as in attraksje. It is foar harren in ekstra reden om nei it Starteilân te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)