Restaurant moat rookfilter ha

24 apr 2007 - 15:55

In Sjineesk-Yndysk restaurant yn Drachten moat fan de gemeente Smellingerlân ekstra maatregels nimme. De buert klaget noch hieltyd oer de itensroken, ek al mei it restaurant sûnt juny ferline jier de dakruten fan de keuken net mear iepen hawwe.

De gemeente easket no dat de eigner in ûntgeuringsynstallaasje foar de ôffierpiip fan de keuken pleats. De rook kin der dan net mear út. It restaurant stiet oan de Noardkade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)