Restaurant Loft feroaret namme

01 des 2011 - 18:56

It restaurant yn it WTC yn Ljouwert sil syn namme 'Loft' feroarje. Eigener Robert Berting hat besletten gjin heger berop oan te tekenjen tsjin de útspraak fan de rjochtbank. Dy oardielde dat de eigeneresse fan in hoareka-gelegenheid yn Boksum, dat ek Loft hyt, de measte rjochten op dy namme hat.

Wat de nije namme fan it Ljouwerter restaurant wurdt is noch net bekend. De nammeferoaring kostet eigener Berting inkelde tûzenen euro's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)