Restaurant lamlein troch wurk

15 mrt 2013 - 19:27

It Taiske restaurant Siam op it stasjon fan Grou driget oer de kop te gean, troch wurk fan de NS dat mar net opsjit. De NS is dêr dwaande om't der fersmoarge grûn leit.

It wurk is seis wiken lyn begûn, mar dêrnei ek al gau wer stillein yn ferbân kabels yn de grûn en de froast. Sûnt dy tiid ride de gasten oan it restaurant foarby, omdat it troch de boustekken en masines foar de doar net berikber liket. De omset is dramatysk sakke.

Regelmjittich sit it personiel in hiele jûn foar neat te wachtsjen. Utbater Jaap Ofhof hat ferskate kearen mei de NS en de oannimmer besocht te oerlizzen, mar in oplossing is der foarearst net. Hy is benaud dat it noch moannen duorret, ek al omdat der noch mear barre moat op it terrein om it stasjon hinne.
De NS jout oan dat se nije wike besjen sille oft it wurk wer oppakt wurde kin. As dat net slagget wurdt de bestrjitting der wer ynlein en sil it wurk fan 't maitiid dien wurde. De NS erkent dat de situaasje ferfelend is foar de restauranteigner en besjocht oft se him kompensearje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)