Restaurant It Wiid ticht

01 des 2012 - 13:47
  • It Wiid

It restaurant fan rekreaasjesintrum It Wiid yn Earnewâld is ticht. Besikers fan de foarstelling fan 'Jameimy' fan Klaasje Postma dy't dit wykein yn it Wiid hâlden wurde, binne troch frijwilligers foarsjoen fan kofje en oare konsumpsjes. Neffens de organisaasje fan de foarstellings soe de eigener fan it restaurant fallyt wêze. De foarstellings fan 'Jameimy' geane dit wykein wol gewoan troch yn It Wiid. Foar de foarstelling fan 9 desimber wurdt noch in oar plak socht. De eigener is net berikber foar in taljochting op it mooglike fallisemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)