Restaurant Eindeloos krijt priis yn RAI yn Amsterdam

02 nov 2015 - 22:40

It Ljouwerter restaurant Eindeloos hat moandei de GaultMillau-priis krigen foar Nederlânsk Duorsum Restaurant fan it Jier. De priis waard útrikt yn de RAI yn Amsterdam. Eindeloos is de opfolger fan restaurant Het Ambacht op It Hearrenfean, dat ferline jier de priis wûn.

Sjef-kok Schaafsma fan Eindeloos docht it oars as oaren: 'Ik haw gjin restôffal en kin de gasten alle kearen wer ferrasse mei oare smaken. De measte dieren keapje ik yn de regio, lit ik sels slachtsje en bonkje ik ek sels út. Fryslân is de skatkeamer fan Nederlân."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)