Restaurant De Heeren van Harinxma krijt Michelinstjer

07 des 2015 - 12:06
  • De keuken fan Lauswolt
  • De keuken fan Lauswolt
  • Restaurant De Heeren van Harinxma

It restaurant De Heeren van Harinxma fan hotel Lauswolt yn Beetstersweach hat nei 10 jier wer in Michelinstjer. Dat is moandeitemoarn bekend makke by de útrikking fan de stjerren yn it Amsterdamske DeLaMar-teater.

Yn 2006 rekke it restaurant de stjer kwyt. De lêste jierren siet it restaurant eltse kear tichteby de stjer, en no hawwe se him dan krigen.

Der is net ien restaurant yn Nederlân dat syn stjer ferliest. Dat betsjut dat de restaurants Koriander yn Drachten en Elevé yn Ljouwert harren stjer hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)