Restaurant biedt Tafel 18 finalist Evert baan as kok oan

16 nov 2015 - 17:55

Evert Matla, ien fan de trije finalisten fan it wedstriidprogamma Tafel 18 is al benadere troch in restaurant mei de fraach oft hy dêr yn de keuken oan de slach wol. De kok út Warkum wol net sizze om hokker restaurant it giet en oft hy der op yn giet. It is wol de dream fan de amateurkok om ea as prof oan de slach te kinnen.

Ek de oare kandidaten krije in soad reaksjes. Se wurde herkend op strjitte en se wurde troch poerfrjemden frege nei resepten.

Dirk Reitsma fan Sint Anne bygelyks is nei oanlieding fan de útstjoering benadere troch ien dy't in itensiedersboek oer fergetten grienten mei him meitsje wol. Sa is niis krekt bekend makke yn BYNT. Dêryn ek mear oer de finale fan Tafel 18 dy't no sneon is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)