Restauraasje Wetterpoarte Snits hast klear

10 des 2015 - 18:12

De restauraasje fan de Wetterpoarte yn Snits is hast klear. Dêrom hat wethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân de wynwizer oan oannimmer Tjerk de Jong jûn. As de lêste skilderputsjes en it mitselwurk klear is, wurdt de wizer wer op de rjochter toer set. Dat is dan it offisjele teken dat de restauraasje klear is.

De Wetterpoarte yn Snits hie in grutte ûnderhâldsbeurt nedich. Ferline jier waard de linker toer al restaurearre, om't in grutte stoarm in soad skea feroarsake hie. Nei dizze restauraasje kin de poarte wer 40 jier mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)