Restauraasje TX33 kin hast los

02 mrt 2005 - 21:02

Yn Makkum wurdt fan 't simmer begûn oan de restauraasje fan de blazeraak, de TX33. De 265.000 euro foar it learwurk- projekt is hast rûn. Der dogge 25 wurkleazen mei oan it projekt. De aak is yn 1918 boud yn Makkum. It earste part fan de restauraasje wurdt dien yn Den Helder. Fan 't simmer komt de TX33 nei Makkum ta.

Der komt ek in besikerssintrum by de werf dêr't it skip opknapt wurdt. Yn 2007 moat de restauraasje klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)