Restauraasje tsjerke Raerd

26 aug 2009 - 12:32
  • De tsjerke fan Raerd is heechnedich oan restauraasje ta

It tsjerkebestjoer en de mienskip ha der tweintich jier op wachtsje moatten, mar lang om let is it safier: de Laurentiustsjerke yn Raerd wurdt restaurearre.

It bestjoer is al lang dwaande om subsydzje te krijen, mar dat slagge net omdat de regels fan de oerheid hieltiid feroaren en elkoar tsjinwurken. De teloarstellingen stapelen op, mar troch in tafaller yn de ryksbegrutting kin nije wike dochs ynienen begûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)