Restauraasje tsjerke Boksum

10 des 2000 - 16:25

De Herfoarme tsjerke fan Boksum wurdt foar ien miljoen gûne restaurearre. De Stifting Alde Fryske Tsjerken, eigner fan it gebou, begjint takom maaie mei it opknappen.

De Stifting sjit it jild earst foar, mar hopet dat it Ryk út it budzjet fan Monumintesoarch in grut part meibetelje sil. De toer fan de tsjerke is yn 1996 al opknapt. It skip is no oan bar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)