Restauraasje toer Sint Nyk

30 apr 2012 - 16:13

De toer fan de roomsk-katolike tsjerke fan Sint Nyk wurdt ynkoarten restaurearre. Under oare de laaien moatte ferfongen wurde, en in soad hout- en metselwurk wurdt hersteld. It measte wurk sit yn it opknappen fan de spits fan 'e tsjerke.

De restauraasje fan 'e toer is in ûnderdiel fan in seis-jierrich ûnderhâldsplan fan 'e tsjerke dat sa'n 6 ton kostet. Sa'n 60 prosint fan it bedrach wurdt fergoede, de rest moatte de tsjerkeleden opbringe. Nei ferwachting binne de wurksumheden oan de toer foar de boufak klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)