Restauraasje Sint Vitustsjerke yn Blauhús is klear

18 okt 2015 - 10:20

De Sint Vitustsjerke yn Blauhús is klear. Op 24 oktober sil de restauraasje feestlik ôfsluten wurde mei optredens op en ûnder de bousteigers. It opknappen fan de tsjerke hat twa ton koste. Sa'n 65 prosint dêrfan is subsidearre, de rest is by mekoar brocht troch fûnsen mar ek troch jeften fan parochianen.

As folgjende projekt wurdt it houten baarhok op it tsjerkhôf restaurearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)