Restauraasje Hylper toer klear

13 aug 2004 - 16:46

De restauraasje fan de Westertoer yn Hylpen is klear. It wurk hat in jier duorre en wie benammen bedoeld om it mitselwurk op te knappen. De restauraasje hat mei-elkoar in 200.000 euro koste. De kommisje dy't it wurk begeliedt, hat noch in tekoart fan 20.000 euro.

Monumintesoarch betelle 70 prosint fan de restauraasje. De rest kaam út fûnsen. De toer is no eigendom fan de monumintestichting yn Nijefurd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)