Restauraasje Groate Kerk los

22 mrt 2010 - 14:27
  • De Groate Kerk fan Sint Jabik

De Stichting Alde Fryske Tsjerken begjint moandei mei de restauraasje fan 'e Groate Kerk fan Sint Jabik. Dak, toer en de flier wurde oanpakt.

De stifting begjint mei it wurk nettsjinsteande in tekoart fan 135.000 euro op 'e begrutting fan 450.000 euro. De stifting hopet dat de provinsje en guon fûnsen noch mei in bydrage komme. De Stichting Kultureel Sintrum De Groate Kerk is bliid mei de opknapbeurt en sil sels it ynterieur by de tiid bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)