Restauraasje fjoertoer Warkum set yn april útein

20 jan 2016 - 08:52

De monumintale fjoertoer oan de Hylperdyk yn Warkum kin lang om let restaurearre wurde. Der wie noch 15.000 euro nedich en dat jild komt fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De Stichting tot behoud van Monumenten in de gemeente Súdwest-Fryslân is yn 2014 eigener wurden fan de toer en hie al 237.000 euro binnen helle mei fûnsen en subsydzjes.

Mei it jild fan de gemeente derby, kin de restauraasje los. Yn april begjint it wurk. De restauraasje fan de fjoertoer en fan de wenning dêrnjonken, is hurd nedich.

Yn de muorren sitte skuorren en de wenning is oan ien kant fersakke. Ek de muorre-ankers binne yn minne steat. Fierder moat der asbest fuorthelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)