Restauraasje Dekemastate klear

07 jun 2001 - 00:00

It fernijde Dekemastate yn Jelsum wurdt sneon offisjeel iepene. De âlde state is restaurearre en opnij ynrjochte. It monumintele gebou wie fertutearze nei't de stichting Olde Burger Weeshuis it fan de famylje Van Wageningen oernommen hie. Dy hie gjin jild foar ûnderhâld.

Dekemastate giet no fierder as museum en as gebou foar represintative doelen. Publyk kin dêr fan takom wike ôf telâne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)