"Rêst yn ried moat werom"

16 sep 2010 - 19:43

De nije wethâlder Mient de Haan fan Ljouwerteradiel hopet dat de rêst yn de gemeenteried sa gau as mooglik werom komt, no't hy as wethâlder beneamd is.

De Haan folget PvdA-wethâlder Visser op. Dy waard ferline wike it kolleezje útset om't har partij, de PvdA, ynsette woe op mear gearwurking mei de gemeente Ljouwert. In mearderheid fan de ried wie dêr op tsjin en ek de oare kolleezjepartners woene net mear mei de PvdA fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)