Rêst moat werom by Friese Land

18 maaie 2003 - 00:00

Thuiszorg Het Friese Land yn Ljouwert hopet in part fan de eardere problemen op te lossen mei in nij lid fan de Ried fan Bestjoer. Regina Riemersma (34) is beneamd neist foarsitter Boetes.

Yn de hjerst fan ferline jier krigen trije topmanagers dien fanwegen ferskil fan ynsjoch mei Boetes. Der ûntstie in soad ûnrêst yn it bedriuw. Riemersma moat de ôfstân tusken de Ried en it personiel wer werombringe. By de organisaasje wurkje 2000 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)