Resjerzjesjef yn opspraak

02 nov 2005 - 07:31

De Grinslanner resjerzjesjef Lex IJzerman dy't besocht hat foar syn frou in baantsje by de Fryske plysje te regeljen is út syn funksje set. Der is in ûndersyk tsjin him begûn.

Frou IJzerman hie gjin papieren om by de resjerzje te wurkjen. De Fryske plysje woe har dêrom net hawwe. IJzerman belle dêrnei mei it haad fan de plysjeoplieding en frege om in resjerzjediploma foar syn frou. Dat mei net en hy is no út syn funksje set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)