Resistinte skiep ferhannele

22 aug 2004 - 13:32

Op it kearnfokbedriuw yn Blessum binne sneon foar it earst scrapie-resistinte rammen ferhannele. Scrapie is in skieppesykte dy't fergelykber is mei BSE en by minsken de sykte fan Creutzfeld-Jacob feroarsaakt. Der jildt in ferbod op it fokken mei rammen dy't net testen binne op de sykte.

In soad fokkers en skieppehâlders út it hiele lân wiene op de ferkeap ôfkaam. De hannel rûn lykwols net al te flot. De priis foar in raam wie sa'n 250 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)