Resesje treft wettersport

31 aug 2010 - 19:05
  • Yn Harns steane in soad boaten te keap

Wettersporters kinne dit jier goed fernimme dat de resesje ek har treft. Der steane flink wat boaten te keap, it is rêstich op it wetter en guon eigners stelle ûnderhâld út omdat it te djoer wurdt.

Dit docht bliken út ûndersyk fan it bedriuw Eileen, dat tillefoanysk ynformaasje jout oan wettersporters. Hieltyd mear minsken sizze dat se earder as oare jierren de boat te keap sette soene as se bygelyks yn jildpine komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)