By resesje minder wyn drinke

04 nov 2008 - 22:42
  • Der wurdt minder djoere wyn ferkocht

De Fryske wyndistributeur Baarsma Wine Group ferwacht takom jier mooglik minder winst te heljen mocht der in resesje komme. Minsken keapje dan minder wyn, sa is de ferwachting. Ek wurdt it dan dreger om jild te finen om bygelyks oernames te beteljen.

It bedriuw út Aldskoat makket oan't no ta jier op jier mear winst en nimt ek hieltyd mear bedriuwen yn it bûtenlân oer. Yn septimber waard noch in grutte wynhanneler yn Londen oernaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)