Replika komt freed yn Harns

11 des 2009 - 14:27

De replika fan it VOC-skip Prins Willim is freed yn Harns oankaam. It skip rekke 30 july troch in brân fernield. Yn Harns sil it skip de kommende oardel wike noch foar de kust lizze. Op 22 desimber wurdt it ferhuze nei in plakje oan de Korte Lijnbaan. Dêr is no noch gjin romte.

It skip waard wolkom hjitten troch boargemaster Scheffer. Mooglik wurdt in hoarekagelegenheid fan it skip makke. De replika is út Den Helder wei sleept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)