Replika grutste spin te sjen

13 apr 2011 - 11:33

It Natuermuseum Fryslân hat woansdei de grutste bewegende spin fan de wrâld binnenkrigen. Foar de tentoanstelling Spinnen, de mooiste dieren die er bestaan! is de Sydney Tunnelwebspin spesjaal oerkaam út it Natural History Museum yn London. It is in fergrutte replika fan de gefaarlikste spin op de wrâld.

Dy spin is twa by trije meter grut en as je derby yn de buert komme dan lit er syn skerpe giftosken sjen. Fan freed ôf kin elk him bewûnderje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)