"Replika Batavia hie ek op 'e Lemmer boud wurde kinnen"

14 jan 2016 - 17:56

De replika fan it ferneamde sylskip de Batavia hie likegoed op 'e Lemmer boud wurde kinnen as yn Lelystêd, dêr't de trijemêster út de 17e iuw úteinlik makke is. Yn de biografy oer inisjatyfnimmer Willem Vos, dy't krektlyn ferskynd is, fertelt de skipsbouwer hoe't hy syn projekt yn 1983 as earste oan it kolleezje fan Lemsterlân presintearre hat.

Boargemaster en wethâlders fan Lemsterlân fûnen it plan doe lykwols te faai en mei tefolle finansjele risiko's. Boppedat wie men benaud dat it projekt te grut foar De Lemmer wêze soe, as de bou fan de Batavia wol in sukses wurde soe.

De skipswerf Batavia hat letter yndied as toeristyske attraksje in miljoenepublyk nei Lelystêd lutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)