Repetysjes Opera Burgum begûn

18 aug 2014 - 21:58

Yn Burgum binne de repetysjes begûn foar de opera Keapmanskeunsten. It stik dat goed hûndert jier lyn skreaun is troch Martinus Schuil is in oantal jier ferlyn werom fûn yn de argiven fan Tresoar. Dirigent en komponist Tjalling Wijnstra hat de muzyk bewurke en Bouke Oldenhof hat him mei de tekst dwaande holden.

It giet om in komyske opera, dy't yn it iepenloft teater fan Burgum spile wurde sil. Under oare Joop Wittermans en Tet Rozendal spylje mei, lykas tenoar Jan-Ate Stobbe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)