Repetysjes Bonifatius-passy

22 maaie 2004 - 00:00

De repetysjes foar de Bonifatius-passy binne ferline wike begûn. It giet hjir om in nije komposysje. Der wurdt songen oer it tinzelibben fan Bonifatius. As bysûndere ynfalshoeke is keazen foar dy fan in frou, Lioba. Lioba wie in nicht, mar ek in sielsferwante fan Bonifatius.

De premjêre fan de Bonifatius-passy is op 11 juny, as lunsjkonsert by it Histoarysk Kongres yn Dokkum. Alle belangstellenden binne wolkom. Op 26 juny binne ek noch twa útfieringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)