Reparaasje rattelbrêge Boalsert

09 okt 2003 - 00:00

De Krúswetterbrêge yn 'e A7 by Boalsert wurdt op 't heden mei faasje opknapt. Troch losse bouten en planken rattele de brêge sa bot dat de buert dêroer klage. De rjochterbaan fan Snits nei de Ofslútdyk is ôfsletten. It ferkear kin noch mar oer ien baan.

It wurk moat freed dien wêze. De brêge soarge foar lûdsoerlêst, mar Rykswettersteat mei inkeld reparaasjes útfiere foar ferkeersfeiligens. En der falt lûdsoerlêst net ûnder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)