Reparaasje lek akwadukt

06 jul 2009 - 12:14
  • It wetter stiet op 'e flechtstrook

Rykswettersteat hopet moandeitejûn de lekkerij yn 'e tunnel ûnder it Prinses-Margrietkanaal by Snits troch te ferhelpen. Sûnt tongersdei lekt it akwadukt ûnder it PM-kanaal. Nei alle gedachten komt dat troch in foech dy't net wetterticht is.

Moandeitejûn folget fierder ûndersyk. Der wurdt kontrastfloeistof yn 'e foech spuite. As bliken docht dat de foech yndie de lekkerij feroarsaket, kin dy fuortendalik mei kit tichtmakke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)