Reparaasje kabel ûnder Waad

18 des 2007 - 22:01

Monteurs fan netbehearder Continuon binne tiisdei begûn op de Waadsee dwaande mei de reparaasje fan de stroomkabel tusken Amelân en Holwert.

Op 30 novimber gie de kabel stikken op 5 kilometer fan de fêste wâl ôf. Bewenners fan Amelân hawwe dêr neat fan fernaam, omdat der noch in twadde kabel is. It is foar it earst dat de acht kilometer lange kabel stikken is sûnt dy yn 1973 yn gebrûk naam is. It wurk duorret noch oant tongersdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)