Reparaasje gefaarlik fytspaad

29 jun 2010 - 11:06

De gemeente Wûnseradiel is begûn mei de reparaasje fan it fytspaad fan Allingawier nei Eksmoarre en fan Eksmoarre nei Boalsert. Troch de waarmte binne parten fan it betonnen fytspaad omheechkaam. Dat soarget neffens de gemeente foar gefaarlike situaasjes. Moandei wiene der al trije ûngelokken doe't in scooterrider en twa fytsers ûnderútgiene.

Nei alle gedachten sette de naden yn it beton út troch de waarmte. Dêrtroch wurdt it beton omheechdrukt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)