Reparaasje fan brêge by Aldskou koste 5 ton

14 jan 2015 - 15:37
  • De brêge flak nei de oanfarring

It is noch net dúdlik wa't opdraaie moat foar de reparaasjekosten fan de brêge fan Aldskou. Dat wurk hat 500.000 euro koste. De restauraasje nei de oanfarring ferline jier wie in bysûndere put. It measte wurk moast nachts dien wurde en ûnder wetter.

Yn april fear in binnenfeartskip tsjin it remmingswurk fan de brêge. Der wie in soad skea. It kanaal bleau befarber en ek de brêge wie gewoan yn bedriuw. Mooglik wurde de kosten ferhelle op de skipper fan it binnenfeartskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)