Reorganisaasje Toyota Valkema

20 okt 2008 - 13:46

By Toyota-dealer Valkema mei festigings op It Hearrenfean en yn Ljouwert, driigje twongen ûntslaggen. Neffens bestjoerder Anne van Dijk fan FNV-Bondgenoten hat it personiel in brief krigen fan de direksje, dêr't in reorganisaasje yn oankundige wurdt. Dêrby soene twongen ûntslaggen net útsletten wêze.

It bûn hat foar tiisdei yntusken in ledegearkomste belein. De bûnen binne noch net troch de direksje ynformearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)