Reorganisaasje by Prins Dokkum

16 feb 2013 - 16:29
  • Prins yn Dokkum

By metaalferwurkingsfabryk Prins yn Dokkum wurdt de kommende tiid reorganisearre. It bedriuw dat fangrails makket, ferwachtet in ôfname yn de fraach troch besunigings op projekten yn de wegebou. Twongen ûntslaggen wurde net útsletten. By Prins Dokkum wurkje sa'n fjirtich minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)