Reorganisaasje by Pontmeyer

09 jun 2009 - 14:06
  • Yn hiel Nederlân moatte der 224 minsken út.

De kâns liket grut dat de festigingen fan bougruthannel Pontmeyer yn Snits, Drachten en It Hearrenfean rekke wurde troch in grutte lanlike reorganisaasje. Yn hiel Nederlân moatte der 224 minsken út. Dat komt omdat Pontmeyer 20 oant 30 persint minder ferkeapet as oare jierren.

De direksje jout oan dat hast alle festigings rekke wurde troch de reorganisaasje. De ûndernimmingsried bûcht him no oer de ûntslaggen en komt foar 1 july mei in advys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)