Reorganisaasje by plysje

25 mrt 2009 - 16:33
  • Der komt in grutte reorganisaasje by plysjeburo's

It skrassen en reorganisearjen fan plysjeburo's moat yn de kommende jieren miljoenen oan besuniging opsmite foar de plysje Fryslân.

Yn de nije opset bliuwe fjouwer grutte plysjeburo's oer mei in tal lytsere satellytburo's en servicepunten. Der komme buro's yn Ljouwert, Snits, Drachten en op It Hearrenfean. Der ferdwine ek in tal plysjeburo's, mar wêr is noch net bekend. Der wurdt ek besunige op personielskosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)