Reorganisaasje by Omrop

14 sep 2011 - 14:57

Troch in grutte reorganisaasje ferdwine takom jier tsien banen by Omrop Fryslân en yn de jierren dêrnei nochris tsien. It giet om folsleine banen.

De Omrop moat bot besunigje trochdat it bedriuw koarte wurdt troch de provinsje. De provinsje hat ferline jier besletten om de ekstra bydrage fan goed ien miljoen euro te skrassen. Dêrnjonken rinne de personielskosten op. Om dy oan te kinnen, is in reorganisaasje net te kearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)