Reorganisaasje by Fryslân Bank

06 apr 2009 - 15:10

De Friesland Bank bringt dizze wike it personiel op de hichte fan de plannen foar in reorganisaasje. De bank wol besunigje op de kosten. Tongersdei makket de bank de jiersifers oer 2008 bekend, mar it is no al dúdlik dat de resultaten ôffalle.

De fakbûnen wurde tiisdei ynformearre oer de reorganisaasjeplannen. Neffens de FNV is de rjochting dêrfan wol dúdlik. It bûn kin der lykwols noch neat oer sizze om't de bank de plannen tongersdei pas nei bûten bringe wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)