Reorganisaasje fan meldkeamers

16 okt 2013 - 14:37
  • Meldkeamer Drachten

De plysjemeldkeamer fan Drachten krijt in wichtige rol yn de nije lanlike meldkeamerorganisaasje dy't der komt. Woansdei waard bekend dat de meldkeamers fan de plysje gearfoege wurde mei de meldkeamer fan de lanlike plysje yn Driebergen en de maresjesee. Dêrby sille 12 fan de 22 hjoeddeiske meldkeamers sletten wurde. De meldkeamer fan Drachten bliuwt wol bestean.

It is noch net dúdlik wat de konsekwinsjes fan de gearfoeging foar Drachten ta gefolch hawwe sille. De reorganisaasje moat yn 2017 rûn wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)