Reorganisaasje drafbaan Wolvegea

27 nov 2004 - 13:38

Der is in grutte reorganisaasje nedich by de drafbaan fan Wolvegea, om foar te kommen dat de Nederlandse Draf- en Rensport fallyt giet. De drafbaan wurdt privatisearre en fiif fan 'e fyftjin meiwurkers wurde ûntslein.

De maatregels binne nedich omdat de omset fan 'e koersen op Wolvegea en Duindigt de lêste jierren bot tebek rint. De ferliezen rinne dêrtroch bot omheech. Fuortendaliks yngripe is dêrom nedich, neffens wurdfierder Hofstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)