Reorganisaasje by de provinsje

29 sep 2009 - 20:01

Der komt in grutte reorganisaasje by de provinsje. Troch de kredytkrisis moat de kommende jierren foar miljoenen besunige wurde en dat hat gefolgen foar it personiel.

Dochs sille gjin twongen ûntslaggen folgje. De provinsje ferwachtet dat genôch minsken troch natuerlik ferrin fuortgean sille. Ek de rol fan de provinsje sil feroarje. Yn in gearkomste mei gemeenten en maatskiplike organisaasjes sil de provinsje nije wike hjiroer prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)