Reorganisaasje by CBR

22 okt 2013 - 15:23
  • CBR logo

It Centraal Bureau voor de Rijvaardigheid (CBR) ynformearret tiisdei it personiel oer in grutte reorganisaasje. Dêrby giet ientredde fan alle teory-eksamenlokaasjes ticht. Dat meldt de Telegraaf tiisdei. Reden foar de sluting soe wêze dat teory-eksamens fan takom jier ôf net mear klassikaal ôfnommen wurde, mar yndividueel efter in kompjûter.

Wat ien en oar foar gefolgen hat foar it personiel dat wurket op de CBR-fêstigings yn Ljouwert en op It Hearrenfean, wol in wurdfierder noch net kwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)