Reorganisaasje bûtentsjinst

06 feb 2014 - 20:17
  • De Fryske Marren

Gemeente De Fryske Marren sil de bûtentsjinst reorganisearje. It plan foar ien grutte yntegrale bûtentsjinstorganisaasje is woansdei fêststeld troch it kolleezje. Sûnt de fúzje fan de gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân yn de nije gemeente de Fryske Marren is de bûtentsjinst ûnferoare oergien nei de nije organisaasje.

Mei de reorganisaasje moat in effisjintere tsjinst ûntstean. De definitive nije bûtentsjinst start nei alle gedachten op 1 jannewaris 2015.

Under de bûtentsjinst falle de meiwurkers fan de ôffalynsammeling, wykbehear, brêge- en slûswachters, ûnderhâld oan diken, sportakkommodaasjes en begraafplakken. By de tsjinst wurkje goed 125 minsken yn fêste tsjinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)