Reorganisaasje by berneopfang

03 feb 2006 - 17:34

It is noch net dúdlik wat de konsekwinsjes binne fan de reorganisaasje by de berneopfang fan de Timpaangroep. De omset by de acht festigingen fan Timpaan yn Wymbritseradiel, Opsterlân en Snits rint werom, ûnder oare trochdat de opfang djoerder wurden is.

Foar de simmer moat der dúdlikheid wêze oer de reorganisaasje. De ried fan bestjoer fan Timpaan wit noch net at der banen skrast wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)